Aksje tsjin stâlbrannen

De brânwacht sil mei mear foarljochting besykje brannen yn stâlen foar te kommen. Dat is tongersdei ôfpraat op in lanlik kongres. It komt hieltyd faker foar dat der fee omkomt by brannen in stâlen. Lanlik sjoen wiene dat der yn de earste trije moannen fan dit jier al 90.000 stiks.
De brânwacht Noardeast-Fryslân wie ek by it kongres. Sy sizze dat in soad brannen feroarsake wurde troch ferkeard gebrûk fan de stâlen.