V/d Duim útskeakele yn Italië

24 mrt 2011 - 16:42

Tennisser Antal van der Duim is útskeakele yn it Challengertoernoai fan Caltanissetta. Hy ferlear yn de achtste finale fan de as sânde pleatste Eastenriker Andreas Haider-Maurer.

Van der Duim, op dit stuit de nûmer 770 fan de wrâld, wûn noch wol de earste set mei 7-5. Haider-Maurer stiet 116e op de wrâldranglist en dat ferskil waard yn de twadde en tredde set dúdlik. Dy giene mei 6-2 en 6-3 nei de Eastenriker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)