Nije ipebeammen plante

Foto: Omrop Fryslân
De Ipewacht is út ein set mei it weromplantsjen fan ipebeammen. De lêste tiid is de ypstân bot tebek gien omdat de beammen siik wiene en delhelle wurde moasten. Dêr komme no tûzenen nije ipen foar yn it plak.
De earste trije waarden tongersdei plante op it hiem fan Van der Brug yn Hinnaard. Deputearre Konst, wethâlder Hernamdt fan Littenseradiel en foarsitter Willem Hoornstra fan de Ipewacht planten de nije beammen.