Kompliminten op de fyts

24 mrt 2011 - 14:40
  • Foto's: Omrop Fryslân

In apparaatsje op de fyts dat kompliminten jout is ien fan 'e saken dy't it Frysk Fytsersbûn tongersdei presintearre om it ferkear hofliker te meitsjen. Lanlik ferkearsoffisier fan justysje Koos Spee wie yn 'e Prinsetún yn Ljouwert by de start fan 'e aksje.

De kompliminteur is bedoeld as aardichheidsje foar de jongerein. Op Youtube binne ek filmkes te sjen oer it ferkear, makke troch learlingen fan twa middelbere skoallen. Boppedat is der in enkête oer ferkearsargewaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)