Advys: nij taalorgaan Frysk

Jan Oudeboon
De útfiering fan it Fryske taalbelied moat profesjoneler en effisjinter. Om dat mooglik te meitsjen soe der in nij taalorgaan Frysk komme moatte mei in taalkommissaris as baas. Dat is de kearn fan it lêste advys fan it Berie foar it Frysk.
Tongersdei wurdt oer dit advys praat op it sympoasium 'Wurkmeitsje fan taalbelied' op it Provinsjehûs. Deputearre Jannewietske de Vries sil op it sympoasium reagearje op it advys om ta in taalorgaan Frysk te kommen.