Fryske plysje: 10,7 miljoen

24 mrt 2011 - 12:40

De plysje Fryslân krijt 10,7 miljoen euro yn it jier ekstra. Dat stiet yn in brief fan it kabinet. Troch de finansjele ynjeksje soe de Fryske plysje minder drastysk besunigje moatte lykas oankundige is. It skrassen fan 142 arbeidsplakken soe dan mooglik net nedich wêze. Boargemaster Crone fan Ljouwert is bliid mei de ekstra stipe

It ekstra ryksjild foar Fryslân giet ta skea fan de korpsen yn Den Haach, Amsterdam en Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)