Boarterstún Itens yn jildpine

Foto: Omrop Fryslân
De boarterstúnkommisje Itens sit yn swier waar. De boarterstún yn it doarp is al sûnt septimber ticht omdat er net oan de easken foldocht. Der moat in goede faldimping komme en dy kostet 10.000 euro. Om't de boarsterstún op in terp leit, mei net djipper groeven wurde as 20 sintimeter.
De boasterstúnkommisje kin it grutte bedrach net opbringe. De gemeentebydrage fan 2500 euro kin dêr ek net foar brûkt wurde. Dat jild is foar de ferfanging fan 'e tastellen.