Boeten foar automobilist

24 mrt 2011 - 11:12

In automobilist (52) út Mitselwier hat woansdei ferskate boeten krige. Hy ried mei 120 kilometer yn 'e oere oer de A7 by Lúkswâld. Fanwege wurk wie 90 dêr it maksimum. Fierders siet de man mei de telefoan yn 'e hân te beljen en ried er te ticht op syn foargonger. Foar alle trije saken krige er in boete. De plysje rûkte ek alkohol by de man. Dêrom moast er blaze op it buro. It die bliken dat er tefolle dronken hie. Dêr krige er ek in boete foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)