Man skopt dûk yn acht auto's
Yn de Begioanastrjitte yn Ljouwert is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei yn acht auto's in dûk skopt. Tsjûgen seagen om in oere of tolve dat in man tsjin parkearde auto's oan skopte. Se bellen de plysje. Dy hat noch socht nei de man, mar koe him net fine.
It die bliken dat der yn acht auto's in grutte dûk siet.