Trije ferwûnen yn Burdaard

24 mrt 2011 - 09:55

By in autobotsing yn Burdaard binne woansdeitejûn trije minsken ferwûne rekke, ûnder wa in famke fan seis jier. In 24-jierrige ynwenster fan Dokkum seach op in krusing in 49-jierrige frou út Ferwert oer de holle.

De auto's fan beide bestjoersters klapten opelkoar. De froulju rekken ferwûne. De 6-jierrige dochter fan de frou út Dokkum rekke ek ferwûne. Alle trije slachtoffers moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)