Weening en Hooghiemster goed

Pieter Weening
Pieter Weening is yn de tredde etappe fan de Ronde fan Kataloanië 15e wurden. De Keninginnerit waard wûn troch Alberto Contador. Weening kaam mei syn ploechmaten Bauke Mollema en Laurens ten Dam ien minút en 12 sekonden letter oer de streek. Yn it algemien klassemint stiet Weening 16e.
René Hooghiemster stiet nei fjouwer etappes yn de Ronde fan Normandië op in kreas njoggende plak. De Drachtster hat mar tolve tellen achterstân op de lieder, de Brit Luke Rowe.