Gjin WK-priis foar Stroetinga

Wim Stroetinga (foto: awfoto.nl)
Wim Stroetinga hat op it WK baanfytsen yn Apeldoorn gjin medalje helle op it ûnderdiel scratch. It goud wie foar Kwok Ho Ting út Hongkong. Stroetinga koe de race net útride. Hy hie nei syn brutsen skouderbonke te min foarm.
Yn 2007 makke Stroetinga op dit ûnderdiel in flater en seach er in oare hurdfytser út Hongkong mei it goud fuortfytsen. Ek yn 2008 wûn er sulver. It sulver yn Apeldoorn wie foar de Italiaan Elia Viviani en it brûns foar de Frânsman Morgan Kneisky.