Earste broedsje fan 2011 fûn

23 mrt 2011 - 21:17

Foar safier't bekend is, is woansdeitemoarn it earste broedsje fan dit jier fûn. Grutske finers wiene Minne Hovenga fan Marsum en syn soan Pieter-Jord fan Ljouwert. De beide aaisikers fûnen de aaien yn it stik greide tusken Ljouwert en Marsum.

Se seagen dêr in opfleanend spantsje tusken in tal wylde ljippen. De soan fûn úteinlik it nêst mei dêryn de fjouwer aaien. Der waard gau in sms ferstjoerd en dêrop folge de tastimming om de aaien mei te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)