Fries komt om by ûngelok

23 mrt 2011 - 20:35

By in bedriuwsûngelok yn Assendelft is woansdeitemiddei in 48-jierrige man út Fryslân om it libben kommen. Hy wie mei in lytse shovel oan it wurk yn it rom fan in baggerboat om bagger op in bult te skowen. In grutte shovel seach him oer de kop en skepte him mei in lading bagger.

Syn kollega's misten de man nei in skoftke en fûnen him tusken de bagger yn de frachtwein. Reanimaasje kaam doe al te let. De plysje en de arbeidsynspeksje ûndersykje it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)