Unrêst op Skier oer boattiden

23 mrt 2011 - 20:04

Op Skiermûntseach is ûnder forinzen grutte ûnrêst ûntstien oer de nije tsjinstregeling fan de fearboaten. Wagenborg wol per 1 desimber de lêste boat nei it eilân net mear om healwei seizen, mar om healwei sânen farre litte.

Minsken dy't oerdeis oan de wâl wurkje, binne dan in oere letter thús. Sy tinke dat dat gefolgen hawwe sil foar it sosjale libben op it eilân. Se hawwe no minder tiid om jûns earne hinne te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)