Ferset tsjin ôfsluten dyk

23 mrt 2011 - 16:14

It plan om de Burdaarderstrjitwei ôf te sluten foar auto's, kin rekkenje op fûl ferset yn de buert. Dantumadiel set by Sibrandahûs stekken del sadat auto's in kilometer omride moatte om fan Dokkum yn Burdaard te kommen.

Mei dizze maatregel wol de gemeente it slûpferkear ûntmoedigje. Boeren yn de buert sizze dat de omliedingsrûte oer de âlde trekwei folslein ûngeskikt is foar safolle auto's. Ek wolle se net hieltyd omride om by har lân te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)