Arriva krijt Q-liner
Arriva hat de konsesje fan de rappe busferbining tusken Grins, It Hearrenfean en Lelystêd wûn. It giet om bus 315, better bekend as de Q-liner. Arriva ferlear de konsesje yn 2005 oan Connexxion.
De provinsjes Fryslân en Flevolân en it OV-buro yn Grins gunne de konsesje fan 1 july ôf oan de Fryske ferfierder. It kontrakt hat in wearde fan 6,5 miljoen euro.