Fryske metalband yn finale

23 mrt 2011 - 12:42
  • Insurrection op it poadium fan Romein, earder dit jier

De Fryske metalband Insurrection stiet yn de finale fan de jierlikse Metal Battle. Dat is in lanlike wedstriid foar nij Nederlânsk metaltalint. Insurrection wie yn de heale finale yn Hoogeveen de bêste band út de fjouwer noardlike provinsjes.

De lanlike finale is yn april. De winner mei de studio yn, krijt shirts mei de namme fan de band en der wurdt in fotosessy makke. Der ha 48 bands meidien oan de Metal Battle. Yn de finale stride trije bands tsjin elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)