Omrop earder ynsette by rampen

23 mrt 2011 - 12:11

Omrop Fryslân kin tenei flugger ynskeakele wurde as rampestjoerder by kalamiteiten. Der binne nije ôfspraken makke. De Omrop jout as rampestjoerder by bygelyks in grutte brân offisjele berjochten troch fan brânwacht en GGD. Mei in spotsje op de radio wurde ynwenners fan Fryslân op de hichte brocht. Mei de nije ôfspraken kin de Omrop flugger ynset wurde om't de proseduere makliker makke is. De ôfspraken binne makke mei de helpferlieningstsjinsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)