Mear meldings diskriminaasje

It tal meldings fan diskriminaasje nimt ta. By meldpunt Tûmba binne yn 2010 foar it fjirde jier op rige mear meldings binnenkaam. Dat wiene hast trijehûndert meldings.
It betsjut net dat hieltyd mear diskriminearre wurdt, mar minsken witte Tûmba better te finen. Boppedat wurde ek plysjesifers meinommen yn de telling. Opfallend is it tal ekstreem rjochtse bekladdings, lykas heakkekruzen en white-power tekens.