Boetes by PM kanaal

23 mrt 2011 - 11:07

By in kontrôle op it Prinses Margrietkanaal by Grou hat de plysje tiisdeitemiddei fiif minsken beboete.

Fjouwer fiskers krigen in bekeuring om't se mei libjend aas oan it fiskjen wiene. Ien fan de mannen moast syn spullen ynleverje om't er foar de tredde kear trappearre waard. In skipper krige in bekeuring om't er te hurd foarby kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)