Man oerfallen mei swurd

23 mrt 2011 - 10:24

In Drachtster (34) is tiisdeitenacht oanhâlden nei't er in 31-jierrige Drachtster ûnder bedriging mei in swurd oerfallen hie. De beide mannen wiene yn it hûs fan de 31-jierrige man oan De Tijen. Se krigen rúzje wêrnei't de 34-jierrige in swurd pakte.

It slachtoffer waard berôve fan syn telefoans en syn beurs. Hy naaide út en belle by de buorlju de plysje. Dy koe de berôver op De Rien oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)