Wer problemen mei spoarbrêge

ProRail hat woansdeitemoarn wer problemen hân mei de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. Tiisdeitemiddei koe de brêge in skoft net brûkt wurde nei't der in auto tsjinoan riden wie. Woansdei woe de brêge net goed ticht, nei't dy iepen set wie foar in skip. It treinferkear tusken Ljouwert en Snits en Ljouwert en Harns kaam dêrtroch stil te lizzen.
Yn de rin fan de moarn is it probleem ferholpen en koene de treinen wer ride.