Stellerij út merkewein
De sjittinte fan in stalde merkewein is iepenbrutsen. De eigner (33) út Ljouwert hie de wein foar de winter op in bedriuweterrein oan de Seize yn Berltsum delset.
De eigner fan it bedriuw seach tiisdei dat de wein iepenbrutsen wie. Ut de wein binne in 50 meter lange kabel, 40 knuffels en 25 magazinen foar de wynbuksen stellen. De buksen sels wiene op in oar plak opslein.