Ljouwerter F16's nei Libië

22 mrt 2011 - 23:14

De seis F16's dy't meidwaan sille oan de militêre operaasje yn Libië komme allegear út Ljouwert. Dat hat it ministearje fan definsje befestige. Tiisdei hat it kabinet besletten dat Nederlân meidocht oan de Navo-aksje. De tastellen sille it wapenembargo, dat de VN ynsteld hat, kontrolearje.

As de Navo ek beslút om by te dragen oan it fleanferbod boppe Libië, dan sille de F16's dêr ek oan meidwaan. Yn dat gefal meie de Ljouwerter F16's sjitte, mar net op doelen op 'e grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)