Cambuur klear yn topklasse

22 mrt 2011 - 22:09

SC Cambuur sil gjin spilers mear oanlûke út de topklasse. As der foar takom seizoen noch spilers oanlutsen wurde rjochtet de klup it fizier op jonge talintfolle spilers tusken de 18 en 24 jier út de belofteteams fan de earedivyzje. Dat sei waarnimmend direkteur fan Cambuur, Gerald van den Belt, tiisdeitejûn op de bedriuwekontaktdagen yn it WTC Expo.

Neffens Van den Belt wurdt fierder sjoen hokker spilers út de besteande seleksje bliuwe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)