'OSF dochs yn senaat'

22 mrt 2011 - 22:01

De Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF) krijt mooglik dochs in sit yn de Earste Keamer. Dat melde ferskate boarnen. Der soenen ôfspraken makke wêze tusken de OSF en de partij 50Plus. Dy lêste hie stimmen oer en twa steateleden soenen yn maaie op de OSF stimme.

De OSF, mei dêryn ûnder oare de Frysk Nasjonale Partij, soe syn sit wol ôfstean moatte oan 50Plus, dy't dan de belangen fan de Unôfhinklike Senaatsfraksje behertiget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)