File troch ûngelok op A32

22 mrt 2011 - 20:25

In automobilist is tiisdei oan de ein fan de middei op de A32 by Grou tsjin in fangrail botst en oer de kop slein. De man is mei ferwûnings oan syn holle oerbrocht nei it sikehûs.

It ferkear hie in skoftlang lêst fan de gefolgen, der stie in lange file tusken Ljouwert en Grou. It stik tusken Wurdum en de ôfslach nei Snits Snits hat ôfsletten west. Oer de krekte oarsaak fan it ûngelok koe de plysje noch neat sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)