Slûprûte by Sibrandahûs ticht

22 mrt 2011 - 20:01

De Burdaarderstrjitwei tusken Dokkum en Burdaard is fan 4 april ôf ticht foar auto's. De gemeente Dantumadiel set by Sibrandahûs stekken del sadat auto's ien kilometer omride moatte om fan Dokkum yn Burdaard te kommen. Mei dizze maatregel wol de gemeente it slûpferkear tsjinhâlde en it tal snelheidsoertredings werombringe.

Veilig Verkeer Nederland, de plysje en de provinsje kamen ta de konklúzje dat dit de iennichste oplossing is foar it ferkearsprobleem dêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)