Fryske reklameprizen útrikt

22 mrt 2011 - 17:23
  • De winners fan de Fryske Reklameprizen fan 2011

Aktyf yn Fryslân fan Dong Energy en Bêst genôch fan Resi Wooncentrum ha tiisdei de prizen foar bêste Frysktalige radio- en tv-boadskippen wûn. De reklameboadskippen binne makke troch PS Produksjes en SyCo Productions út Ljouwert. Dit jier krijt foar it earst neist de opdrachtjouwer ek de makker in priis.

It tal Frysktalige reklames is aardich heger wurden: by radio fan 124 nei 181 en by televyzje fan 88 nei 109. Femke fan Boer zoekt vrouw rikte de prizen út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)