Crone wol gaslekken foarkomme

22 mrt 2011 - 17:17

Boargemaster Crone van Ljouwert hat der betrouwen yn dat de bedriuwen Enexis en Reggefiber maatregels nimme om gaslekken by de oanlis fan in glêsfezelnetwurk tenei foar te kommen.

Tiisdei hat der spoedoerlis west tusken netbehearder Enexis en Reggefiber nei oanlieding fan twa gaslekken. Neffens Enexis ûnstiene dêrby libbensgefaarlike sitewaasjes. It lek waard bedobbe en der waard gjin melding fan makke. Ferline jier ha der 75 gaslekken west, dit jier 39.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)