Van der Duim wint wer ris

Antal van der Duim (foto: Omrop Fryslân)
Antal van der Duim hat foar it earst sûnt in healjier wer ris in wedstriid wûn yn in Challenger toernoai. De âld-ynwenner fan Finkegea wûn op it Italiaanske eilân Sisilië yn de earste ronde fan de Italiaan Francesco Aldi, de nûmer 441 fan de wrâld.
Van der Duim sels is ôfsakke nei plak 770 op de ATP-ranglist. Troch blessueres oan syn ankel en earmtakke hat hy de lêste tiid net al tefolle wedstriden spile.