1,5 jier sel foar brannen

22 mrt 2011 - 14:06

In man (43) fan De Lemmer is tiisdei feroardiele ta 2,5 jier selstraf, wêrfan ien jier ûnder betingst. Hy wie ferantwurdelik foar tsientallen brannen. De Lemmer waard tusken july en novimber ferline jier opskrikt troch sa'n 40 brannen. Benammen konteners waarden oanstutsen.

De brannen soargen yn it doarp foar in soad ûnrêst. De plysje sette ekstra minsken op de saak. Uteinlik waarden trije fertochten oanhâlden. De Lemster is de earste dy't feroardiele is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)