Aksje Reidsma's: soad reaksjes

22 mrt 2011 - 12:21

Henk en Rein Reidsma hawwe al reaksjes krigen op harren aksje om it tastiene alkoholpromillaazje werom te bringen fan 0,5 nei 0,2. Minsken biede spontaan help oan. Dizze wike wolle se mei in groep om tafel om it boargerinisjatyf út te wurkjen.

CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe hat tasein hjirmei oan de slach te gean. De bruorren Reidsma binne ferslein nei it ferlies fan harren broer Eeuwke, dy't yn Ljouwert skept waard troch in drankrider.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)