Sjitpin giet ôf yn kroech

22 mrt 2011 - 10:53

In 42-jierrige ynwenner fan Drachten wurdt troch de plysje fertocht fan ferbean wapenbesit en it tabringen fan swier lichaamlik letsel. De man liet moandeitejûn yn in kroech yn syn wenplak syn sjitpin sjen oan in oare Drachtster. It wapen gie dêrby per ûngelok ôf en rekke it slachtoffer, in 45-jierrige Drachtster, yn syn skonk.

Dy moast him behannelje litte yn it sikehûs. It yn besit hawwen fan in sjitpin is by wet ferbean. De eigner is troch de plysje ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)