Asbest by brân Selmien

22 mrt 2011 - 10:18

By in brân oan de Selmien West by Oerterp is mooglik asbest frijkaam. It giet om in brân yn in bygebou fan in pleats. De plysje hat de omjouwing ôfset. De buorlju binne warskôge om ruten en doarren ticht te hâlden. It giet om in foarsoarchsmaatregel.

Der moat noch ûndersocht wurde oft der echt asbest frijkomt. Dy kâns is neffens de gemeente Opsterlân lyts, omdat der amper wyn stiet. De brân ûntstie tiisdei om kertier foar tsienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)