Schrieversronte: minder jild

22 mrt 2011 - 09:42

De Stellingwarver Schrieversronte krijt de kommende jierren 5.000 euro subsydzje minder fan de gemeente Weststellingwerf. It giet om in koarting fan hast 10 %, dy't by mear organisaasjes trochfierd wurdt. Dat wurdt dien omdat der de kommende jierren 250.000 euro minder oan subsydzjes ferliend wurde kin.

By de koarting wurde organisaasjes dy't mei frijwilligers wurkje ûntsjoen. It giet dan ûnder oare om de Zonnebloem, de ANBO en de EHBO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)