SP: soargen oer útkearings

22 mrt 2011 - 07:22

De Socialistische Partij yn Ljouwert makket him soargen oer de tiid dy't it nimt foardat minsken in útkearing krije. Neffens de partij duorret it troch nije regels fan de gemeente sa'n fjouwer wiken foardat der in intake-petear hâlden wurdt. Dêrnei duorret it noch gemiddeld seis wike foardat de útkearing begjint. Neffens de SP is dy perioade te lang.

De partij wol fan de gemeente witte oft der bysprongen wurdt by eventuele finansjele problemen dêrtroch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)