Sykhûnen fine earste lichems

It Nederlânske team dat yn Japan mei hûnen op syk is nei slachtoffers fan de ierdbeving en de tsunami hat foar it earst lichems fûn. Dat meldt de organisaasje achter it team op syn webside. It giet om trije slachtoffers dy't fûn waarden yn Ofunato. Yn dat plak yn it noarden fan Japan is it team sûnt snein aktyf.
It Nederlânske team bestiet út fjouwer minsken, mei ûnder har twa ynwenners fan Holwert.