Ald-bankdirekteur ferstoarn

De eardere direkteur fan de Friesland Bank, Jan Kuperus (82), is ferstoarn. Kuperus wie fan 1961 oant 1991 direkteur fan de bank, as lêste fan trije generaasjes Kuperus. Under syn lieding krige de bank syn selsstannigens.
Kuperus wie neist by de bank ûnder oare belutsen by de Alvestêdeferiening en de Noordelijke Dagblad Combinatie. Hy ferstoar ein ferline wike nei in koart siikbêd en waard moandei yn besletten kring te hôf brocht yn Grou.