Brânstifting natuergebiet

21 mrt 2011 - 21:48

Der hat moandei op 'e nij brân west yn in natuergebiet by De Westereen. It wie de tredde brân yn fjouwer dagen. No stie in stik fan De Mieden yn brân.

De brânwacht giet derfan út dat it oanstutsen is. De measte brannen ûntstean flakby fytspaden. Foar de brânwacht is it dreech om oeral goed by te kommen. Neffens kommandant Henk van der Veen liket it derop dat de skiednis him werhellet. Ferline jier wiene der yn itselde gebiet ek al in soad brannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)