Miljoeneboete garnalesektor

21 mrt 2011 - 18:03

De Nederlânske garnalesektor krijt in boete fan 5,7 miljoen euro. De boete is it slotstik fan in jierren slepende saak. Priisôfspraken tusken fiskers en hannel soenen de konsumint op kosten jage hawwe, sa stelt de Nederlandse Mededingingsautoriteit, de NMa dy't de boete oplein hat.

By it Nederlânsk Fiskersbûn komt de miljoeneboete as in mokerslach oan. Se binne ferslein troch de útspraak. Yn heger berop gean is net mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)