Oerlêst skoalbern De Lemmer

21 mrt 2011 - 17:41

Learlingen fan it Zuyderzee Kolleezje op De Lemmer soargje foar oerlêst yn de wyk Rienplan. Yn de pauze's giet geregeld in groep jongeren troch de strjitten en dan meitsje se in soad rommel. Se smite blikjes en oar ôffal yn de tunen en de ynwenners fan de wyk hawwe dêr skjin har nocht fan.

Ien frou hat dêrom kontakt opnaam mei de direkteur fan de skoalle. Dy hat tegearre mei de wykplysje in petear hân mei de learlingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)