Harnzer frou (63) krijt poppe

21 mrt 2011 - 17:13

De 63-jierrige Tineke Geessink út Harns is moandei befallen fan in dochter. Sy is de earste frou yn Nederlân dy't sa âld noch mem wurdt. Se hie noch gjin bern. De poppe dy't de namme Meagan krigen hat, waard berne mei in keizersneed yn it MCL-sikehûs yn Ljouwert. Mei mem en dochter giet it goed.

Tineke Geessink rekke yn ferwachting nei in fruchtberheidsbehanneling yn it bûtenlân. Se hat gjin partner, mar woe graach noch mem wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)