Ten Rouwelaar by seleksje

Jelle ten Rouwelaar foar Omrop Brabân
Keeper Jelle ten Rouwelaar hat him moandei foar it earst meld by it Nederlânsk alvetal, by hotel Huis ter Duin yn Noordwijk aan Zee. Ofrûne freed waard bekend dat bûnscoach Bert van Marwijk de âld-Jouster keazen hat as mooglike ferfanger fan de blessearre Maarten Stekelenburg by de wedstriden tsjin Hongarije.
Ten Rouwelaar is dêrby ien fan de trije kandidaten.