Iepening feest foar boargers

De weriepening fan it gemeentehûs fan Achtkarspelen wurdt in feest foar de boargers. Gjin hege hearen of oare pommeranten, mar in muzykstik makke troch boargers sil it hichtepunt wurde nei de moannenlange renovaasje.
Takom wike begjinne de audysjes foar it koar dat it stik 'It hûs foar demokrasy' fan muzikant Gerrit Breteler opfiert. Sjongers út hiel Achtkarspelen wurde oproppen om mei te dwaan oan it stik.