Wenningbrân yn Easterwâlde

21 mrt 2011 - 11:41

By in útslaande brân moandei yn in frijsteande wenning oan de Maartenskamp yn Easterwâlde is ien fan de beide bewenners ferwûne rekke. It slachtoffer krige reek binnen en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. Mooglik is ek asbest frijkaam.

It fjoer ûntstie moarns koart nei alve oere yn de keuken en sloech dêrnei oer nei de boppeferdjipping. It dak is foar in part ynstoart. Der binne trije brânwachtauto's ynset om it fjoer te bestriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)