Tom Djurre Philips ferstoarn

Argyffoto út 2008
Yn syn wenplak It Hearrenfean is sneon Tom Djurre Philips stoarn. Tom hie in seldsume stofwikselingssykte, Jansky-Bielschowsky. Hy koe net mear selsstannich funksjonearje en hy moast 24 oeren deis fersoarge wurde.
Foar Tom en foar oare pasjinten hienen syn âlders de stifting Tom on the Move oprjochte. Dy organisearre ballonaksjes en ferkocht earmbantsjes. De stifting bliuwt wol bestean. Tom Philips hie snein acht jier wurden.