Ynbrekkers slaan en stelle
De plysje hat snein in 22-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld. De man soe mei twa oaren in wenning oan de Camstraburen binnengien wêze. De 19-jierrige bewenner waard troch de ynkringers slein, en syn blackberry waard stellen.
It slachtoffer werkende ien fan de oanfallers en sa koe er oanhâlden wurde. De oare twa wurde noch socht.