Sikehûs brûkt iPad

21 mrt 2011 - 08:50

Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brûkt in oantal artsen sûnt koarten in iPad foar de pasjintesoarch. Se brûke de kompjûtertablet at se by de pasjinten yn it sikehûs delgeane.

De artsen kinne dan bygelyks filmkes sjen litte om ekstra ynformaasje te jaan oer in sykte of in yngreep. Mei de iPad kinne ek útslaggen fan ûndersiken toand wurde oan de pasjinten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)